Sieraden stellen fan âlde frou

05 sep 2010 - 11:50

Ut it hûs fan in 88-jierrige frou út Easterwâlde binne freed sieraden stellen. De dieder is it hûs nei alle gedachten yn kaam, doe't in oare dieder de frou oan 'e praat hold. Dy dieder melde har mei de fraach oft de frou út Easterwâlde ek lêst hie fan lekkerij. Dêrop naam se de frou mei nei har balkon.

De plysje hat noch gjin idee wa't de dieders binne en siket dêrom tsjûgen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)