Biljartbal by fûillearaksje

05 sep 2010 - 11:21

De plysje hat sneontejûn en -nacht wer in fûillearaksje hâlden yn de binnenstêd fan Ljouwert. Dêrby waarden 143 persoanen en trije auto's kontroleard. De plysje hat trije ferbeane wapens fûn.

It giet om in alarmpistoal en in flintermes. Ek waard in Ljouwerter betrape mei yn syn jasbûse in sok mei dêryn in biljartbal. De wapens binne yn beslach naam.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)