Slim ferwûne nei fal fan dak

05 sep 2010 - 09:15

In jonge (17) út Ingwierrum is sneontenacht yn Dokkum slim ferwûne rekke doe't er yn de Grote Breedstraat fan in dak foel. De jonge wie fia in steger it dak opklom. Dêr koe er him net mear goed fêsthâlde en foel tsien meter nei ûnderen. Underweis rekke er in reklameboerd.

Sjoen syn ferwûnings is de jonge oerbrocht nei it UMC yn Grins. By de helpferliening waarden meardere ambulânses en in mobyl medysk team ynset.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)