It Heidenskip opknapt

04 sep 2010 - 16:25

It Heidenskip is it ôfrûne jier foar trije ton opknapt. Benammen yn it doarpssintrum is in protte bard. It Heidenskip is fral bekend fan it fierljeppen. It doarp telt 365 ynwenners mar op dagen dat der ljept wurdt binne der folle mear. Dat frege om bettere foarsjenningen, foaral by de ljepskâns.

Achter de tsjerke is de dyk opnij straat en foar parkearen is no mear rûmte. De nije ynformaasjebuorden sille ynkoarten te plak set wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)