Van Maasdijk fleanfeest

Op It Hearrenfean wurdt sneontemiddei it Van Maasdijk fleanfeest hâlden. Dat wie útsteld om't it ferline wike fanwege it minne waar net trochgean koe. Yn de wyk Skoatterwâld binne de hiele middei demonstraasjes fan ferskate loftsporten te sjen. Ek is der in akrobatyske show.
Mei it feest wurdt betocht dat Clement van Maasdijk 100 jier lyn as earste Nederlanner mei in fleanberevet boppe It Hearrenfean fleach. Goed 100.000 minsken wiene dêr doe tsjûge fan.