Ynbrekkers warber yn Fryslân

Ut in hûs oan de Van Emstweg yn Appelskea is freed in laptop stellen. De dieder koe it hûs ynkomme troch de pinnen út de skarnieren fan in rút te heljen. Nei alle gedachten is de dieder steurd by syn ynbraak, in klearsteande tv waard net meinaam.
Freedtenacht is ynbrutsen yn in hûs oan de Jornsmastate yn Ljouwert. Dêrby waard ek in laptop meinaam en dêr mist de bewenner wol de tv en ek in tas. De dieder hat yn Ljouwert in achterdoar iepenbrutsen om deryn te kommen.