Jeugd stelt ferkearsbuorden

Seis jongeren hawwe bekend freedtenacht ferkearsbuorden fernield te hawwen yn Appelskea. De seis waarden sjoen troch in foarbygonger, dy't de plysje tipte. Dy koe de jongeren oanhâlde yn in keet yn Appelskea. Dêr bekenden se dat se de ferkearsbuorden meinaam hiene om de keet mei te fersieren.
It giet om jongeren fan 15 en 16 jier út Appelskea, Langedike, Easterwâlde en Makkingea. De plysje hat de buorden yn beslach naam.