Striid wâldhúske noch net dien

De Akkrumer Elias van der Werf leit al jierren yn de klinsj mei Opsterlân oer syn twadde húske oan de Riperwei by De Tynje. Hy wol graach nij bouwe op it plakje dêr't it húske stiet mar dat mei net fan de gemeente, wylst der earst wol tastimming foar jûn is.
Ynkoarten komt syn saak yn de ried oan de oarder en dêrom hie Van der Werf amtners, riedsleden, wethâlders, de boargemaster en elkenien dy't mar woe, útnoege om de plannen noch efkes yn it húske te besjen. Mar de animo wie lyts.