Nij sportpark Grou iepene

04 sep 2010 - 12:42

Yn Grou is sneon einlings it nije sportpark Meinga iepene. Dêr binne alle fjildsporten ûnderbrocht. Dy kinne gebrûk meitsje fan ûnder oare keunstgersfjilden. It park dêr't al 25 jier oer praat wurdt, hie eins ferline jier al oplevere wurde moatten.

Troch tsjinslaggen by de oanlis is dat mislearre. De lêste winsk fan initsjatyfnimmer sportsintrum Gou is de oanpak fan de sporthal. Troch jildkrapte by de gemeente Boarnsterhim sit dat der foarearst net yn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)