Mear kij ûndersocht op tbc

04 sep 2010 - 12:34

De kij fan bedriuwen út de omkriten fan it mei kowe-tbc besmette melkfeebedriuw yn Eksmoarre wurde mooglik ûndersocht. Dat jildt ek foar in bedriuw yn Drinte dêr't de sykte fûn is. Earst wurdt besjoen op wat foar ôfstân de kij fan elkoar stien hawwe, mocht dy lyts wêze dan is der kâns dat se elkoar besmet hawwe.

It ekstra ûndersyk komt der omdat de boarne fan de besmetting noch hieltyd net fûn is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)