Frysk oesterseizoen fan start

04 sep 2010 - 11:59

It Fryske oesterseizoen is freedtejûn offisjeel útein set yn Dokkum by de 'Night of the praams'. It is foar it earst yn hûndert jier dat Waadfiskers wer oesters fan it Fryske Waad oanfiere. It earste kuorke oesters waard symboalysk troch de Wierumer aak, de WL 19, binnenbrocht en oerlange oan boargemaster Waanders.

Achttjin fiskers hawwe in fergunning krigen om foar de hannel oesters te sykjen. It giet om in eksperimint fan fjouwer jier.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)