Fertraging swimmers Iselmar

04 sep 2010 - 10:05

Njoggen leden fan in swimclub út Alkmaar binne sneontemoarn betiid begûn oan in 50 kilometer lange swimtocht oer de Iselmar. De njoggen starten yn Medemblik. Om in oere as healwei tolven tikke de earste swimmer yn Starum oan. Dat wie in oere letter as tocht, omdat se yn de wyn op moatte en der ek flinke weagen op de mar steane.

Neidat se yn Starum oantikke hiene, swommen se wer werom nei Medemblik.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)