Deadlik ûngelok by De Lemmer

04 sep 2010 - 08:24

Op de A6 by De Lemmer is sneon by in iensidich ûngemak mei in auto in frou (48) fan It Hearrenfean om it libben kaam. Yn de auto sieten ek trije bern. Twa fan de frou sels en in freondintsje. Se binne mei lichte ferwûnings oerbrocht nei it sikehûs, mar mochten nei kontrôle nei hûs.

De auto is troch noch ûnbekende oarsaak yn de berm telâne kaam en in pear kear oer de kop slein doe't de frou besocht de auto wer op de dyk te krijen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)