Formaasje op rjochts mislearre

03 sep 2010 - 17:54

De ynformaasje fan it rjochtse kabinet fan VVD en CDA mei stipe fan de PVV is mislearre. Twadde Keamerlid Joop Atsma hat freed befestige dat dat de konklúzje is fan ynformateur Opstelten. It mislearjen fan de ynformaasje folget op dagen fan ûnrêst by it CDA, wêrby't minister Ab Klink him weromluts as ûnderhannelder.

Nei alle reboelje fan de ôfrûne dagen hat de PVV gjin betrouwen mear yn de goeie ôfrin yn de ûnderhannelings tusken VVD, CDA en PVV.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)