Saakstra kandidaat-foarsitter

03 sep 2010 - 16:29
  • Sipke Saakstra

Sipke Saakstra út Dronryp hat him kandidaat steld as nije foarsitter fan keatsbûn KNKB. Saakstra is oant no ta de iennichste kandidaat en sil op 25 novimber foardroegen wurde op de ledegearkomste fan it bûn. Neffens it bûn wie der genôch belangstelling foar de funksje, mar heakken ferskate minsken ôf. Dêrom is der sjoen nei it takepakket fan 'e foarsitter. Guon taken wurde troch it bestjoer oernaam. Om dy reden hat Saakstra him no dochs beskikber steld.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)