E-colibaktearje yn Slappeterp

03 sep 2010 - 11:32

Yn swimfiver De Swanneblom yn Slappeterp sit de e-coli baktearje. Ynspekteurs hawwe dat ûntdutsen. By de fiver wurde buorden delset om oan te jaan dat it net ferstannich is om yn it wetter te swimmen.

Fan de baktearje kinne je siik wurde. Mage- en termklachten, koarts, pineholle en earûntstekking kinne it gefolch wêze. Minsken dy't hjir nei it swimmen lêst fan krigen hawwe wurdt oanret om nei in dokter te gean.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)