Nij protest keetjongeren

De plysje en de gemeente Nijefurd sille freed tafersjoch hâlde by in mooglike protestaksje fan keetjongeren yn Warkum. Oanlieding hjirfoar is dat der koartlyn in soad lûdsoerlêst en fernielings west ha by in eardere byienkomst mei jeugd út Koudum.
De jongerein protestearje tsjin it beslút fan de gemeente om alle alve jeugdketen te sluten. Al sân keeteigners hawwe gehoar jûn oan dy eask. Tongersdei wie der in petear tusken de jongeren, gemeente en plysje.