Autorider oer de kop

03 sep 2010 - 10:17

In 42-jierrige man fan Sittard is tongersdeitejûn yn de Weperpolder tusken Easterwâlde en Haulerwyk troch ûn bekende oarsaak mei syn auto yn in slip rekke en oer de kop slein. Hy kaam op 'e kant ta stilstân.

De plysje ûndersiket noch hoe't it ûngelok barre koe. Der wie gjin oare auto by it ûngelok belutsen. De man koe sels út de auto komme. Hy is foar ûndersyk nei it sikehûs yn Assen brocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)