Fryske swimklups wurde útdage

© Omrop Fryslân
Swimklup DAW út Alkmaar daget Fryske swimmers út om takom jier in wedstryd te swimmen fan Medemblik nei Starum en wer werom. Kommende nacht om fjouwer oere sille njoggen wedstrydswimmers fan de Alkmaarse swimklup begjinne oan de tocht fan 50 kilometer.
Acht fan de njoggen swimmers ha dat 25-jier lyn ek dien. By in reüny foarich jier is it idee ûntstien om dit no wer te dwaan. Foar takom jier wolle de Alkmaarders, Fryske swimklups útnoegje om mei te dwaan.