Swimwetter triatlon net goed

02 sep 2010 - 21:45

It Frysk kampioenskip triatlon, dat dit wykein hâlden wurde soe yn Drachten, wurdt omsetten yn in duatlon. By in triatlon moat der hurdrûn, fytst en swom wurde. Dat lêste kin lykwols net omdat it wetter dat der foar brûkt wurde soe, net oan de easken foldocht.

De gemeente hat der by mjittings dizze wike blau-alch yn oantroffen. Der wurdt no dus allinnich hurdrûn en fytst.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)