Brede skoalle Tsjerkwert iepen

02 sep 2010 - 20:54

De nije brede skoalle yn Tsjerkwert moat de ûnderlinge bining yn it doarp sterker meitsje. Dat waard tongersdei sein by de iepening fan it hielendal fernijde skoalgebou. Der is in flink stik byboud, sadat net allinnich basisskoalle De Reinbôge mear romte hat, mar dat der ek plak is foar in pjutteboartersplak en in berneopfang.

Sa kinne bêrn fan nul oant tolve jier der te plak. De skoalle woe al langere tiid útwreidzje, mar moast in skoft wachtsje foardat der tastimming wie.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)