Lawei: faker lokaasjeteater

De Lawei yn Drachten
Skouboarch de Lawei yn Drachten wol faker produsint of mei-produsint wêze fan Frysk lokaasjeteater. Direkteur Avezaat is goed te sprekken oer de grutte belangstelling fan it lokaasje-teaterstik Pake Sytse dat de kommende tiid spile wurdt by it skriuwersarkje fan skriuwer Rink van der Velde, by De Feanhoop.
It stik wurdt 16 jûnen spile en de measte foarstellings binne folslein útferkocht. Pake Sytse is in produksje fan Stifting De Ark en de Lawei.