Blau-alch yn Smellingerlân

02 sep 2010 - 17:32

Der is blau-alch konstatearre op fjouwer plakken yn de gemeente Smellingerlân. Dêrom mei der net swommen wurde yn it wetter by de Wijtze Brandsmaloane lâns yn De Pein en yn Drachten by de strjitten Hooiland, Akkerland en Himsterhout, it Slingepark by it strantsje en yn parkwyk De Singels yn de fiver by it Kiryat Onoplein.

By de swimplakken wurde warkôgingsbuordsjes pleatst.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)