Undersyk nei dea Poortema

De advokaat-generaal fan it Iepenbier Ministearje wol dat neier ûndersyk dien wurdt nei de dea fan Aldert Poortema út Drylts en Wesley Schol út Assen yn Afganistan. Dat die tongersdei bliken by in sitting foar it gerjochtshôf yn Arnhem.
De beide Nederlânske militêren waarden 2008 troch eigen minsken delsketten. It heger berop wie oanspand troch de âlders fan Aldert Poortema en dy fan Schol. Se fine dat de liedingjaanden grutte flaters makke ha.