Gea bliid mei nijs Sintrale As

Yn akjse tsjin de Sintrale As (argyfoto)
It Fryske Gea is optein oer it nijs dat de ferdûbeling fan de Sintrale As ta diskusje steld wurdt. Ut in evaluaasje fan it provinsjaal ferkears- en ferfiersplan docht bliken dat de groei fan it ferkear minder is as earder tocht. It gefolch is dat de ferdûbeling fan it noardlik part net mear perfoarst needsaaklik is.
Lang is aksjefierd tsjin de oanlis fan de dyk. It Gea hie in alternatyf betocht mar dat waard ôfsketten. Dy fariant kin no wer op tafel.