Fangstferbod skea ielhannel

Gruthannel Damstra út Wâldsein hat gau 100.000 euro skea troch it fangstferbod op iel. It kommend fearnsjier mei gjin iel fongen wurde, it ministearje hopet dat de ielstân him dêrtroch ferbetteret. De ielfiskers krije in fergoeding omdat se no sûnder wurk sitte, mar de hannelers krije dat net.
Sûnt in pear jier rjochtet Damstra him mear op de hannel yn swietwetterfisken en dêrmei kin hy de grutste klap opfange.