Himpkwekerij yn Seisbierrum

02 sep 2010 - 10:14

De plysje hat woansdei twa manlju oanholden by it oprôljen fan in himpkwekerij yn in hûs yn Seisbierrum. It giet om in 32-jierrige man sûnder fêst wen- of ferbliuwplak en in man fan 59 jier út Andyk.

De plysje hie in anonime tip krigen oer de himpkwekerij. Boppe yn it hûs fûn de plysje hast 100 himpplanten. Foar it hûs trof de plysje de beide fertochten oan. Se moasten mei nei it buro. De himpplanten en de apparatuer binne yn beslach naam.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)