Atsma: 'trochprate mei PVV'

Joop Atsma heart net by de trije 'dissidinten' (foto: Martin de Jong)
CDA-Twadde Keamerlid Joop Atsma wol dat der trochûnderhannele wurdt mei de PVV. Hy seit dat yn in telefoanyske reaksje op it nijs dat CDA-ûnderhanneler Klink definityf ophâlde wol de koalysjebesprekkings. Atsma neamt dy brief fan Klink, dy't it NOS Journaal yn hannen krigen hat, 'neat nijs'.
Atsma wol dat der trochpraat wurdt mei Wilders, sadat it CDA-kongres har oardiel oer in akkoart jaan kin.