Wetter De Leijen frij skjin

01 sep 2010 - 20:49

Der mei wer swommen wurde yn it wetter fan De Leijen by De Rottefalle. De provinsje hie earder in negatyf swimadvys ynsteld fanwege blau-alch. Dy sit der noch wol, mar yn folle mindere mate. Der wurdt mei buorden noch wol warskôge foar wat neamd wurdt "een gering gezondheidsrisiko".

Oant de ein fan dizze moanne hâldt de provinsje de kwaliteit fan it simwetter yn Fryslân yn 'e gaten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)