Ynspeksje Fryske kaden

01 sep 2010 - 15:34

It Wetterskip hat woansdei Fryske kaden kontrolearre. De ynspekteurs diene dat om te sjen as it fee fan boeren de wetterkearings fernield hat. De kaden en wâlskanten yn Fryslân binne de lêste jierren foar in soad jild opknapt en ophege. Om dat ynstân te hâlden jilde der strange regels foar it beweidzjen foar fee.

Yn fierwei de measte gefallen ha de boeren de saak goed foarmekoar. Wa't dat net hat, riskeart in fikse jildboete.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)