Fernuvere oer blêd provinsje

Fryske Steatefraksjes binne ferbjustere dat der in hûs oan hûs blêd útkomt fan de provinsje. De fraksjes wiene frege yn maksimaal 100 wurden wat te skriuwen oer it funksjonearjen fan deputearre steaten.
VVD, FNP, SP en Grien Links fine dat de provinsje it jild en de enerzjy better besteegje kinne. Yn de krante sil omtinken wêze foar wat der yn de ôfrûne trije jier berikt is. De fraksjes meie ek oanjaan wat neffens har better kinnen hie.