Nieuw Stroomland by Ljouwert

By Ljouwert komt in gebiet foar duorsum wenje, wurkje en rekreëarje. It wurdt de kommende jierren ûntwikkele oan de súdwestkant fan de stêd. Ljouwert, Littenseradiel en Menameradiel ha in takomstfyzje makke oer Nieuw Stroomland sa't it hite sil.
Rekreaasje, wetter en natuer moatte soargje foar in natuerlike oergong fan stêd nei plattelân. It gebiet wurdt omsletten troch Boksum, Deinum, Marsum, Ljouwert, Wurdum en Weidum. De heak om Ljouwert rint troch dit gebiet.