H'fean beloften nei FC Emmen

01 sep 2010 - 10:29

SC Hearrenfean-beloften Jurjan Wouda en Pele van Aanholt komme dit seizoen út foar FC Emmen. Se sitte freed al by de seleksje fan Emmen foar de wedstriid tsjin Veendam. Beide spilers meie de rest fan it seizoen ek spylje foar it belofteteam fan SC Hearrenfean/FC Emmen. De klups hawwe in gearwurkingsferbân meielkoar.

Wouda (19) is keeper en spile yn it ferline al by FC Emmen. Van Aanholt (ek 19) spilet al njoggen jier yn de jeugd fan Hearrenfean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)