Algra: 'Sa wurdt CDA fernield'

01 sep 2010 - 09:59

Rendert Algra fynt it in hiele minne saak dat de ûnderhannelings oer in nij kabinet stillizze. Sa wurdt it CDA fernield neffens him.

It eardere CDA-keamerlid fynt dat der wachte wurde moat op it resultaat en dat de fraksje dêr in oardiel oer jaan moat. De diskusje oer de stânpunten fan de PVV is neffens him in passeard stasjon. Hy fynt ek dat Ab Klink gjin ûnderhanneler wurde moatten hie as er in kabinet mei gedoochsteun fan de PVV net sitten sjocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)