Silers sakje yn klassemint

Siler Pieter-Jan Postma hat him op de twadde dei fan it wrâldkampioenskip yn de Finn-klasse net ferbetterje kind. Postma waard yn de tredde race 40e en einige yn de fjirde race as 34e. Hy is dêrtroch nei it 27e plak sakke yn it klassemint.
Ek Roelof Bouwmeester, dy't meidocht oan it WK yn de Laser-klasse, docht it net goed. Nei de earste dei stie hy noch op it 15e plak, mar hy is nei de tredde en fjirde race sakke nei it 19e plak.