Tsjûgen socht fan fernielerij

De plysje siket minsken dy't mear witte oer fernielings by in supermerk yn Holwert. Yn de nacht fan freed op sneon waarden in reklameljochtbak, in ferrydber reklameboerd en twa flaggen fernield fan de winkel oan de Fonteinstrjitte. De skea is likernôch 3000 euro. Op kamerabylden is te sjen dat it om trije minsken giet.
Minsken dy't wat stjoen hawwe om twa oere hinne yn de nacht fan freed op sneon kinne kontakt opnimme mei de plysje.