FrieslandCampina súksesfol

31 aug 2010 - 21:36

Sawol de omset as de nettowinst fan FrieslandCampina is de earste seis moanne fan dit jier omheech gien. De omset naam 5,5 persint ta, de winst ferdûbele sels. Foaral de ferkeap fan produkten yn Azië wie goed. Yn Europa gie it in stik minder, it ekonomysk herstel bliuwt bot achter.

Fanwege de ûnsekere ekonomyske tastân docht it konsern gjin prognoaze foar de rest fan 2010.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)