Gjin feroarings by SC Cambuur

31 aug 2010 - 21:09

De deadline foar transfers yn de fuotbalwrâld slút op tiisdeitenacht om 0.00 oere, mar by SC Cambuur sille der gjin feroarings mear komme. De Ljouwerters woene noch graach Kai van Hese fan ADO Den Haach hiere, mar de klups kamen der net út. De linksback seach it wol sitten, mar ADO frege in te hege hiersom.

Ek foar oanfaller Jeffrey de Visscher sil gjin ferfanger komme. De Visscher makke dit wykein de oerstap nei FC Emmen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)