Mear omset Oranjewoud

Yngenieursburo Oranjewoud N.V. hat in goed heal jier achter de rêch. It bedriuw seach de omset tanimmen mei 9,5 prosint nei hast 202 miljoen yn fergelyk mei 2009. De groei komt foar in grut part fan bedriuwen út Europa en Amearika. De omsetwinst is ek wat it bedriuw ferwachte hie.
Yn Nederlân ferrint de oername fan de Strukton Groep fan de NS nei ferwachting. De oername fan 168 miljoen euro moat de posysje fan Oranjewoud yn de ynfrastruktuer sterkje.