Pointer hâldt op mei montaazje

Fytsefabrikant Pointer út Boelensloane hâldt yn novimber op mei it ynelkoar setten fan eigen fytsen. Neffens de direksje hat it fabryk bot te lijen fan konkurrinsje út lege-leane-lannen en it oanbod fan fytsen tsjin dumpprizen yn bygelyks boumerken.
De montaazje-ofdieling yn Boelensloane slút derom foareast de doarren. Yn de jierren '90 wurken hjir noch tsientallen minsken, no wiene dat er noch mar fjouwer.