Gelok en pech foar tsiismakker

31 aug 2010 - 14:38
  • De tsiiswinkel fan Nijlander

In opstekker en tagelyk in grutte domper foar tsiismakkerij Nijlander fan Warkum. It famyljebedriuw is ien fan de nominearren foar bêste tsiis fan Nederlân, mar tagelyk die bliken dat der in baktearje yn de tsiis sit.

De Nijlander koe noch wol meidwaan oan de wedstriid en krige in earfolle fermelding fan de sjuery, mar it saneamde 'boterzuur' makket dat de tsizen dy't klearlizze oer in pear moanne bol steane en net mear ferkocht wurde kinne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)