Man oanhâlden mei gaspistoal

31 aug 2010 - 13:47

De plysje fan Grins hat moandeitemiddei in 35-jierrige ynwenner fan Olterterp oanholden. Surveillearjende plysjes kontrolearren de man yn de stêd. Hy hie gjin jildich rydbewiis. Yn de auto fûn de plysje in gaspistoal mei munysje.

Op it plysjeburo hat de man proses-ferbaal krigen. Nei ferhoar mocht er wer nei hûs. It gaspistoal en de munysje binne yn beslach naam.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)