Bern moatte leare te fallen

Bern moatte op de basisskoalle les krije yn hoe't se falle moatte. Dat fynt de stichting Consument en Veiligheid. Jierliks moatte der yn Nederlân sa'n 39.000 bern tusken de 8 en 12 jier nei it sikehûs omdat se falle. Seis jier lyn wiene dat der noch sa'n 20.000.
Neffens de stichting komt dit trochdat bern minder bûten boartsje en dikker wurde. De motoryk soe dêrtroch minder wurde.