Miening boarger oer freedsmerk

31 aug 2010 - 12:07

De Ljouwerter PvdA-fraksje ropt boargers op om har út te sprekken oer it takomstige plak fan de freedsmerk. As it nije Saailân klear is, is der nei alle gedachten te min romte foar de merkkeaplju. De PvdA wol dat de boargers meitinke oer in nije lokaasje.

Dat soe by de Aldehou wêze kinne, de Wurdumerdyk/Nijstêd of it takomstige plein tusken de Lombardsteech en it Fries Museum. In kombinaasje fan dizze plakken is ek mooglik.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)