Undersyk nei Stortemelk

31 aug 2010 - 11:18

Der komt in ûndersyk nei it kalamiteiteplan fan kemping Stortemelk op Flylân. Boargemaster Yorick Haan fan it eilân wol presys witte wat der dit wykein ferkeard gie.

Fanwege in ûnferwachte simmerstoarm rekke sneintenacht in grut part fan de kampearders dakleas doe't harren tinte fuortwaaide. De resepsje en kantine fan de kemping giene lywols net fuortendaliks iepen om't de eigner net alarmearre waard. In soad kampearders binne dêr lilk om.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)