Spookrydster op de bon

31 aug 2010 - 10:27

Tsjin in 48-jierrige frou fan It Hearrenfean is moandei proses-ferbaal opmakke omdat se oan it spookriden wie op de A32. Har rydbewiis moast se ynleverje. De frou wie by fersin de ôfrit opriden. Oare autobestjoerders begongen fuortendalik te toeterjen, mar de frou ried gewoan troch. Op de A32 snapte se dat se tsjin it ferkear yn ried. Se sette de auto yn de middenberm en warskôge de plysje. Dy hat in part fan de A32 ôfsletten en har der wei helle.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)