Frijwat stoarmskea op Flylân
De noarderstoarm hat sneintenacht ûnder oare húshâlden op Flylân. Foaral op kamping Stortemelk wie der frijwat skea: sa'n 40 tinten giene om of rûnen skea op.
Yn de tún fan it Armhuis yn it doarp binne trije beammen omwaaid, wêrûnder in hûndert jier âlde yp. De brânwacht fan Flylân hat de beammen opromme. De stoarmwyn hie op in stuit wynkrêft njoggen.