Grouster sjocht orkaan Earl

De earste útrinners fan de orkaan Earl ha moandei om 6 oere pleatslike tiid de kust fan it eilân Sint Maarten berikt. De orkaan gie net oer it eilân, mar passearde Sint Maarten op 80 kilometer ôfstân. Earl is op it stuit in orkaan fan de twadde kategory, mar de ferwachting is dat er wol groeie kin oant in orkaan fan kategory trije of fjouwer.
Gerben de Boer fan Grou is foar it wurk op Sint Maarten. Neffens him falt de skea op dat eilân ta.