Flugge boumetoade foar jachten

30 aug 2010 - 17:06

Mei in nije rappe boumetoade foar jachten ha skipsûntwerpbedriuw Vripack en jachtbouwer Jetten út Snits in gat yn de merk fûn. Mei de nije metoade Smart Kit kin net allinnich rapper boud wurde, mar der wurde ek minder fouten makke en kosten besparre. Dat wurdt ûnder oare dien mei in nije snijtechnyk en troch tagelyk op ferskate lokaasjes te wurkjen.

Vripack en Jetten Yachting ha mei de nije technyk yn 8 moanne tiid in 22 meter lang miny-megajacht boud.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)