Sollied wer fuort by Al Ahli

30 aug 2010 - 15:18

Ald-Hearrenfeantrainer Trond Sollied is nei trije wedstriden al wer fuort by fuotbaklup Al Ahli. Sollied hie spul mei de eigner fan de klup, in Saûdyske prins. De prins woe dat Sollied in spiler opstelle soe, mar dat wegere de Noarske trainer. De resultaten wiene ek net bêst, want Al Ahli wûn oant no ta mar ien fan de fjouwer wedstriden.

Sollied wurke noch mar twa moannen foar Al Ahli. Sollied wie earder in jier trainer fan Sportklup Hearrenfean.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)